Ramkreak by juwelier

20 jan 2011 - 10:44

By in juwelier oan de Nijstêd yn Ljouwert hat woansdeitenacht in ramkreak west. Goed healwei fjouweren waarden omwenners wekker fan in lûde knal. Se seagen dat in bestelbus tsjin de foargevel en it rollûk fan de juwelierssaak oanriden wie.

Doe't de dieders yn de gaten krigen dat se gjin sukses hiene, naaiden se út op in scooter. De bestjoerder dêrfan kaam oanriden út de rjochting fan de Doelesteech. De plysje hat it bestelbuske yn beslach naam.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)