Rakmak 250 kear op de planken

16 mrt 2005 - 17:13

Teatergroep Rakmak spilet ein maart yn Ljouwert syn 250ste foarstelling. Dat bart yn âldereinhûs Middelseehiem. Rakmak is ûnderdiel fan soarchynstelling Talant.

De groep makket teater foar ferstanlik handikapten, âlderen en bern. De klam leit op sintúchlike waarnimmings, wille en rêst. Fierders wurdt in berop dien op emoasjes. Rakmak makket fierders spesjale programma's foar temafeesten en iepenings.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)