Rails Ljouwert-Meppel slypje

06 aug 2011 - 13:24
  • Stasjon Akkrum (foto: Omrop Fryslân)

Yn 'e nacht fan snein op moandei wurdt it spoar tusken Meppel en Ljouwert slipe. Dat bart ien kear yn 'e pear jier om it spoar yn goede kondysje te hâlden. Minsken dy't yn 'e buert fan it spoar wenje dêr't it wurk is, kinne lêst hawwe fan it lûd. Boppedat kinne der fonken te sjen wêze.

As de treinen nei it slypjen wer ride, kin it treinferkear earst in oar lûd meitsje. Nei in pear wike moat dat oer wêze.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)