Rai Vloet yn de basis by Cambuur

29 jan 2016 - 13:18

Rai Vloet begjint snein yn de basis by Cambuur yn de Fryske twastriid tsjin de SC Hearrenfean. Vloet hat freed foar it earst meitraind, mar moat drekt oan de bak. Martijn Barto is blesseard en Berisha net hielendal fit. It liket der op dat Peersman op de rjochtsback spylje sil en dat Van der Laan en Lachman it sintrum fan der ferdigening foarmje. Sander van de Streek sil op it middenfjild spylje. Cambuur is noch net útwinkele. Kevin van Veen fan it Ingelske Scunthorpe en Mike van Duinen fan Düsseldorf wurde as nije oanwinsten neamd.

Van Veen hat earder spile foar FC Oss en Van Duinen is bynammen bekend wurden by ADO Den Haag.

Mooglike opstelling Cambuur: Nienhuis; Vytas, Van der Laan, Lachman, Peersman; Monteiro, Overgoor, Van de Streek; Houtkoop, Vloet, Narsingh.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)