Raerders: bussen ride te hurd

21 feb 2007 - 16:09

De ynwenners fan Raerd yn Boarnsterhim ha skjin har nocht fan de grutte bussen dy't fiersten te hurd troch it doarp ride. De bussen fan earst Arriva en no Connexxion soargje foar skea oan de huzen.

Pleatslik Belang giet ynkoarten om tafel mei busferfierder Connexxion en freget dêrnêst ek om ferkearsremmende maatregels. Drompels binne gjin opsje, want dat jout allinnich mar mear oerlêst.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)