Radomski bliuwt noch twa jier

11 maaie 2004 - 00:00

Arek Radomski bliuwt by SC Hearrenfean. De middenfjilder tekene in kontrakt foar twa jier. It hjoeddeiske kontrakt rûn oan de ein fan dit seizoen ôf.

Foar Radomski wie in soad belangstelling. Hy krige al oanbiedings fan Shaktar Donetsk en Panathinaikos. Fierder wie der in soad belangstelling út Dútslân en België wei. Radomski spilet sûnt 1997 foar SC Hearrenfean. Dêrfoar kaam er út foar Veendam. Radomski is Poalsk ynternasjonal.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)