Radiowykein by mennisten

27 aug 2011 - 15:11
  • Foto: Sybren Terpstra, Omrop Fryslân

Stjoeramateurs dy't tagelyk ek mennist binne, besykje dit wykein yn Wytmarsum kontakt te krijen mei Mennonites oer de hiele wrâld. De seis binne freed út ein set en de sesje duorret oant en mei snein. It radiowykein fynt plak op it terrein fan it 'doopsgesinden'- monumint yn Wytmarsum. Dêr is in kompleet antennepark oprjochte.

It is dit jier 450 jier ferlyn dat tsjerkeherfoarmer Menno Simons - Minne Simens yn it Frysk - ferstoar.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)