Radiostilte Súdwest-Fryslân

24 des 2010 - 10:55

De partijen yn de nije gemeente Súdwest-Fryslân dy't oer in koalysje ûnderhannelje, hâlde de kommende dagen radiostilte. CDA, PvdA en VVD komme net earder as tongersdei mei mear ynformaasje nei bûten. Der is keazen foar dizze trije partijen mei op grûn fan it iepenbiere debat ferline wike.

De measte fraksjes yn de ried sprutsen har doe út foar in goeie bâlans tusken koalysje en opposysje. Ien fan de winners fan de ferkiezings, de FNP, falt bûten de boat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)