Radiomaraton yn Tsjom

26 des 2009 - 12:54

Yn in loads by Tsjom en mei in antenne op in kraan is it saneamde krystteam fan moandei 21 desimber ôf dwaande mei in radiomaraton. Snein hoopje se genôch jild byelkoar te hawwen foar it goeie doel. Dat bart foar it earst yn fiif jier legaal, want ferline jier waard de maraton stillein. Dêrom is ditkear in fergunning oanfrege.

It goeie doel dit jier is in útfanhûs-hûs foar bern mei in beheining yn Snits. Mei it jild wurdt in bus kocht foar it ferfier fan de bern.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)