Radiomakkers yn hongerstaking

04 feb 2003 - 00:00

Fjouwer meiwurkers fan it mei sluting bedrige Radio Dva yn Eastenryk binne tiisdei yn hongerstaking gien. Radio Dva is it Sloveensktalige radiostasjon fan Karintië. Steatsomrop ORF hat de subsydzje oan Radio Dva stopset op oantrunen fan gouverneur Jörg Haider.

De 25 meiwurkers wurkje sûnt begjin dit jier fergees. "Dit protest is ús lêste kâns", seit wurdfierder Marjan Pipp.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)