Radio wreidet stjoertiid út

02 jan 2011 - 14:52

Omrop Fryslân Radio is mei yngong fan moandei 3 jannewaris ek nachts te hearren. Der wurdt dan nonstop Fryske muzyk útstjoerd. It giet om de grutste stjoertiidútwreiding fan de lêste tsien jier.

Moandei feroaret mear: it moarnsprogramma is oanpast, om 18 oere is der Radio Froskepôle en om 22 oere begjint 'De dei foarby', mei reportaazjes en ynterviews fan de ôfrûne dei. Nij op sneon is Sneon yn Fryslân en op sneins Datwiedoe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)