Radio Waddenzee wer yn de loft

19 maaie 2009 - 11:56

Radio Waddenzee sil wer útstjoere fan de Waadsee ôf. It eardere ljochtskip Jenni Baynton wurdt woansdei by it Grynd oan in boei lein troch twa sleepboaten. De ôfrûne dagen is mei man en macht wurke om it skip bewenber te krijen en dat de stjoerder wurket.

Twa wiken lang binne 24 oeren deis de programma's te hearren. Oerdeis binne dat Nederlânse dj's fan Radio Waddenzee en jûns binne der Ingelsktalige útstjoeringen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)