Radio-ûntfangst: polityk ynsette

15 jan 2004 - 00:00

Omrop Fryslân wol de polityk ynskeakele foar in bettere radio-ûntfangst. In twadde rjochter hat op 'e nij besletten dat der gjin proefopstelling komt yn Jirnsum. De Omrop woe dêrmei bewize dat de ûntfangst fan de radio better wurdt as der wer út Jirnsum wei útstjoerd wurdt.

Neffens de rjochter wurde mei de proefopstelling ynternasjonale ôfspraken skeind. Ek soene Radio 1 en 3 mooglik stoard wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)