Radio-NL yn race Radioring

02 okt 2009 - 14:57

It Radio-NL-programma Morgenstond is nominearre foar Gouden Radioring 2009 fan 'e Avro. It programma is alle dagen moarns tusken sân en njoggen oere te hearren. It wurdt presentearre troch Marcel de Vries út Kollum. Hy fynt it in erkenning foar regionale radiostations en foaral ek foar de Nederlânsktalige muzyk. Dêr driuwt Radio NL op.

De Gouden Radioring wurdt útrikt oan de makkers fan it bêste radioprogramma fan it jier.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)