Radio NL ropt publyk op om 2 euro oer te meitsjen

06 maaie 2015 - 12:18
  • Radio NL ropt publyk op om 2 euro oer te meitsjen

Op radiostjoerder Radio NL mei in fêstiging yn Snits is alle oeren in oprop oan de harkers te hearren om 2 euro te stoarten. Dêrmei wol it radiostasjon de rjochtsaken betelje dy't no al fiif jier oanhâlde.

Konkurrint Radio 100% NL tsjinnet hieltyd klachten yn tsjin Radio NL. 100% NL fynt Radio NL net regionaal genôch, want it stasjon hat stjoerders yn de helte fan Nederlân. Radio NL brûkt wol de frekwinsjes dy't bedoeld binne foar regionale radio.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)