Radio NL inkeld nonstop muzyk

29 mrt 2014 - 17:17
  • Radio NL

Muzykstjoerder Radio NL sil tenei allinnich noch mar nonstop muzyk útstjoere yn Fryslân. Dat is it gefolch fan in rjochtlike útspraak.

Radio NL mei gjin lanlike dekking hawwe. Troch yn in tal provinsjes programma's sûnder presintatoaren út te stjoeren, wurdt oan dy eask foldien. Njonken Fryslân sil ek yn de kop fan Noard-Hollân, Brabân en Limboarch nonstop muzyk útstjoerd wurde. De nije programmearing giet moandei yn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)