De leden fan de Radboudruters binne aardich fan it sintrum troch de brân yn har klupgeboutsje yn Drachten ôfrûne âldjiersnacht. Der is neat mear fan oer en de brân is sa't it no liket ek nochris oanstutsen. Op 'e hynders en it fjild nei, ha se no neat mear. Ek in nije hindernis dy't ferline jier mei in aksje fan in grutte supermerk kocht is, is fuort.
It klupgebou stiet achter it Frysk Kongessintrum en wa't kwea wol, moast dy nacht apart omrinne om der te kommen.
It bestjoer fan de klup hopet op help fan kollega-ferienings en it bedriuwslibben om der wer boppe-op te kommen. De skea wurdt rûsd op in 20.000 euro.
|
Ferwûnen by motorûngelok
20 mei 2012 - 13:26 |
|
'Moardner Marianne is bekende'
21 mei 2012 - 00:11 |
|
Fytserke (13) slim ferwûne
21 mei 2012 - 08:04 |
|
Pealsitten yn Marsum is dien
20 mei 2012 - 11:41 |
|
Foto's dossier Vaatstra op tv
19 mei 2012 - 15:17 |