Radboudruters út de brân

16 jan 2012 - 10:55
  • Gebou Radboudruters

De ynsammelaksje foar de dupearre Radboudruters hat 2100 euro en fjouwer hindernissen opsmiten. De aksje wie op in ynternasjonaal konkoers yn Drachten. De rydklup ferlear âldjiersnacht it klupgebou troch brânstichting. Dêr giene ek allerhanne materialen lykas hindernissen ferlern. Yn april hâlde de Radboudruters wer in grut evenemint en dêrom komt it jild en de hindernissen goed fan pas.

It is net de earste kear dat de Radboudruters mei brânstichting konfrontearre waard.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)