Radardetektor yn beslach naam

11 mrt 2011 - 10:37

De plysje hat tongersdei yn Wâlterswâld in radardetektor yn beslach naam. Plysjes yn in radarauto rieden op de Trekwei by in parkearde auto del. De apparatuer yn de radarauto sinjalearre dat der in detektor yn de parkearde wein siet.

De eigner fan 'e auto ûntkende earst dat er in detektor yn de auto hie. Mar de plysjeminsken seagen it apparaat lizzen en doe koe er der net mear foarwei. Se hawwe it yn beslach naam. De eigner krige in proses-ferbaal.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)