'Racende' plysjes op N361 soargje foar lilke reaksjes

11 feb 2015 - 16:49
  • In fragmint út it filmke

Trije plysjeauto's ha woansdei foar in soad opskuor soarge op de sosjale media. De auto's rieden fierstente hurd op de N361 tusken Dokkum en Lauwerseach, hellen elkoar yn dêr't it net mocht en rieden oer in trochlutsen streep. In automobilist dy't der achter ried, filme de aksjes en sette it mei syn eigen kommentaar op ynternet. Mar it blykt te gean om in rydynstruksje foar plysjes yn oplieding.

De kaprioalen waarden filme troch de Grinslanner Ronnie Kleingeerts.

"Op een gegeven ogenblik ging het 160, 170. Ze gingen over de doorgetrokken streep inhalen. De jongens hadden een feestje onderweg naar Lauwersoog", sa sei de makker tsjin RTV Noord. Syn filmke soarget op Facebook foar in soad opskuor.

Uteinlik blykt it te gean om in 'onderdeel van de basis-rijopleiding voor agenten', sa lit de plysje witte fia Twitter.

Ek de Plysje-akademy lit yn in ferklearring witte dat se faker fragen krije oer it rydgedrach fan plysje-auto's fan de oplieding. Se sizze te begripen dat soks fragen of reaksjes opropt. "Het betreft dan vaak, net als bij dit filmpje, voertuigen in een lessituatie onder begeleiding van een docent, waarbij studenten worden opgeleid om met gebruikmaking van de verleende ”Vrijstelling Politie” zogenaamde (gefingeerde) Prio-1 ritten te maken. Zij leren hierbij onder andere inhalen e.d.", sa stiet der yn de ferklearring.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)