Racefytser oanriden

27 maaie 2014 - 09:52
  • Ambulânse

De plysje siket de bestjoerder fan in blauwe VW Polo dy't moandeitemiddei trochriden is nei in oanriding op 'e Gordyk. Hy hie op de Stasjonswei in racefytser rekke. Dy ried mei in groep oare racefytsers en moast op in stuit de dyk op, omdat in bus de oprit fan it fytspaad blokkearre. De auto ried sa ticht by de fytsers del, dat de fytser foel en ferwûnings oan de pols oprûn.

Tsjûgen fan de oanriding kinne harren ek melde by de plysje. It ûngelok wie moandeitemiddei om sawat kertier oer ienen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)