Racefytser (68) oer de kop

15 aug 2011 - 10:34

In 68-jierrige racefytser út Aldemardum is snein ferwûne rekke by in oanriding by Himmelum. De man besocht op it Flinkeboskje twa fytsers yn te heljen, mar rekke dêrby ien fan harren. Dat wie in 51-jierrige frou út Dirksland yn Súd-Hollân.

De racefytser en de frou foelen beide. De racefytser sloech dêrby oer de kop en moast oerbrocht wurde nei it sikehûs. De frou hie allinnich in pear skaafplakken.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)