Race tsjin klok op skoalplein

17 feb 2009 - 22:52

By de nije brede skoalle yn de Snitser wyk Dúnterpen fiere wurklju in race tsjin de klok om it gebou op tiid ôf te krijen. Nije wike moandei komme de 1200 bern foar it earst op harren nije skoalle, mar it skoalplein bestiet no folslein út drek en wetterplassen.

De skoalle wurdt mei in heal jier fertraging yn gebrûk naam, dat hie al oan it begjin fan it skoaljier sild. Mei de ynset fan ekstra straters dy't it wykein trochwurkje, moat it terrein moandei begeanber wêze.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)