Race om restauraasje foarby

10 nov 2008 - 16:54

De eigner fan de âlde Bottelarij yn Boalsert moat op 'e siik nei jild foar de restauraasje fan it gebou. De eardere jeneverstokerij en wenhûs fan de keapmansfamylje Albada_Jelgersma is nammentlik út de race foar in restauraasje fan 1 miljoen euro.

De Bottelarij die mei oan it AVRO-programma 'de Restauratie'. De iennichste Fryske ynstjoering krige te min smskes foar in plak yn de finale. De finale is woansdeitejûn op de televyzje te sjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)