Rabobank wol jild thúsbesoargje

01 mrt 2002 - 00:00

As it oan de Rabobank leit kinne âlder- ein dy't net nei de jildautomaat wolle tenei it jild thúsbesoarge krije. Tsjin in fergoeding fan 5,50 euro wurdt dan op bestelling 50 oant 200 euro brocht.

Op in pear plakken wurdt der al proef draaid, ûnder oare by de Rabobank Noardwest-Fryslân. Doel is dat de service lanlik ynfierd wurdt. Aldereinbûn ANBO fynt de kosten lykwols te heech.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)