Rabobank wol aksje gemeenten

27 jan 2009 - 09:36
  • Wim Boonstra oer de kredytkrisis

Oerheidsynvestearrings binne de kommende tiid hiel wichtich foar de ekonomy. Dat sei haadekonoom fan de Rabobank Wim Boonstra moandeitejûn by in gearkomste oer de kredytkrisis fan ´e bank.

Neffens Boonstra wurdt 2009 in dreech jier foar de ekonomy. Hy fynt de plannen foar ynvestearrings dy´t in soad Fryske gemeenten begjin dit jier oankundigen ferstannich, mar der moat wol gau mei út ein set wurde, oars hat de ekonomy der neat oan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)