Rabobank slút seis kantoaren

27 mrt 2005 - 12:14

De Rabobank slút 6 fan de 19 kantoaren yn it Súdwesten fan Fryslân. Ynwenners fan Bakhuzen, Easterein, Ychtenbrêge, Langwar, Aldemardum en Wâldsein moatte tenei foar wichtige banksaken nei in grutter plak yn de omjouwing.

De Rabobank fynt it iepen hâlden fan in kantoar yn dy plakken net ferantwurde. Dêrfoar komme der te min klanten. De 13 Rabobank-festigingen dy't oerbliuwe yn Súdwest-Fryslân, sille yn elts gefal de kommende trije jier iepen bliuwe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)