Rabobank knapt klubgebou op

07 maaie 2001 - 00:00

It personiel fan de Rabobank yn Burgum, Eastermar en Aldegea sil no sneon it gebou fan de Feriening foar Oanpast Sporten yn Burgum opknappe. Dit gebeurt yn it ramt fan it ynternasjonale jier fan de frijwilliger.

It projekt is opset yn gearwurking mei de Frijwilligerssintrale yn Burgum. De bankminsken sille fervje, de stoepe opnij fluorje en de tún opknappe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)