Rabobank iepen foar FB klanten

30 nov 2012 - 10:11
  • It eardere kantoar fan de Friesland Bank oan it Beursplein

Klanten fan de Friesland Bank kinne fan moandei ôf yn Snits en Dokkum terjochte bij de kantoaren fan de Rabobank. Op beide kantoaren is in aparte romte ynrjochte dêr't meiwurkers fan de Friesland Bank de klanten te wurd stean kinne.

De kantoaren fan de Friesland Bank yn Dokkum en Snits binne mei yngong fan moandei ticht. Deselde stap waard earder al naam yn Burgum en Surhústerfean. Neffens de Friesland Bank is dat allegearre nei tefredenheid ferrûn.  

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)