Rabo warskôget foar 'phishing'

08 feb 2014 - 12:10
  • Op de site fan de bank wurdt warskôge foar 'phishing'

De Rabobank warskôget âld-klanten fan de Friesland Bank foar saneamde phishing mails. De kriminelen stjoere klanten in mail en freegje dêryn om in befeiligensupdate, in nije betelpas oan te freegjen of de IBAN te aktivearjen. Yn it berjocht stiet ek in link dêr't op klikt wurde kin. As de kriminelen genôch ynformaasje hawwe, wurdt in slachtoffer belle en om pingegevens frege.

De Rabobank ropt harren klanten op om de falske mails troch te stjoeren nei valse-email@rabobank.nl en de mail dan fuort te smiten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)