Rabo nimt Friesland Bank oer

02 apr 2012 - 08:44

De Friesland Bank wurdt per direkt in dochter fan de Rabobank. Dêroer ha de beide banken oerienstimming berikt. Reden dêrfoar is de ekonomyske krisis. Ein ferline jier waard dúdlik dat selsstannichheid net mear mooglik is foar de Friesland Bank. Takom jier bestiet de Friesland Bank hûndert jier.

De NMA en de Nederlandse Bank hawwe al tastimming ferliend foar de oername. De meiwurkers fan de Friesland Bank binne foar de oergongsperioade fan twa jier noch wis fan har baan.

De ûndernimmingsried fan de Friesland Bank is wiis mei de oername fan de bank troch de Rabobank. Dat seit foarsitter Elshof. Neffens Elshof koe de Friesland Bank net langer selstannich bestean bliuwe. De oername troch de Rabobank is it bêste foar it personiel. Op dit stuit wurkje goed tûzen minsken by de bank. Yn alle gefallen de kommende twa jier kinne dy ek by it bedriuw oan it wurk bliuwe.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)