Rabo jout skoallen kompjûters

27 aug 2009 - 14:52

De Rabobank Ljouwert-Noardwest-Fryslân hat tweintich basisskoallen yn it eigen gebiet fergese kompjûters jûn. De bank hat 150 kompjûters ferfongen. Mar de apparaten wurkje noch sa goed dat de skoallen se wol brûke kinne.

Foar de simmerfakânsje koene skoallen oanjaan oft se belangstelling hiene. Tweintich hawwe har doe melden. Se hawwe tongersdei de kompjûters ophelle.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)