Raadhuisplein Drachten: keunst

09 mrt 2009 - 22:50

It CDA yn Smellingerlân wol keunst by de kommende ferbouwing fan it Raadhuisplein yn Drachten. De gemeente moat de stekken en sketten pleatse, wêrnei´t skoalbern fan ferskate basisskoallen se beskilderje meie.

It CDA fynt dat de keunst by de ferbouwing goed is foar de leefberens yn de omjouwing fan it Raadhuisplein. Ek hopet it CDA dat de keunst in soarte fan attraksje wurde sil, wêrtroch´t der mooglik mear publyk komt te winkeljen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)