Rûnwei Dokkum moat feiliger

12 apr 2012 - 14:11

Op parten fan de rûnwei fan Dokkum mei net mear ynhelle wurde. De gemeente fiert dat yn om de dyk feiliger te meitsjen. It giet om de rûnwei-noard en de rûnwei-west. Op dat lêste stik giet it om in ynhelferbod fan ien kant. Dat wurdt ynsteld om opstoppings by de Ie-brêge foar te kommen. Op de rûnwei-noard giet it om it stik tusken de rotonde Hantumerwei en de rotonde Burdaarderstrjitwei. Dêr komt op de dyk in trochlutsen streek te stean.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)