Rûnwei De Gordyk yn 2013 klear

06 mrt 2012 - 17:13

Healwei takom jier sil de lang ferwachte ringwei om De Gordyk hinne klear wêze. Dat ferwachtet de gemeente Opsterlân. As de ried ynkoarten akkoart giet mei in bydrage fan fjouwer miljoen euro kin it wurk los. De ringwei om it doarp wurdt ûnderdiel fan de N392 en sil soargje foar minder trochgeand ferkear troch it doarp. Der wurdt al lang oer de rûnwei praat.

Neffens guon Gordyksters hie dy der al lang lizze moatten. It nije stik dyk kostet 10 miljoen euro, Opsterlân betellet hjirfan 3,1 miljoen euro.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)