Rôf strieljager mooglik stunt

19 des 2011 - 15:32

De strieljager dy't dit wykein stellen is by de eardere fleanbasis De Deelen yn Arnhem, is nei alle gedachten troch in âldjiersploech meinaam. Meiwurkers fan it museum De Deelen fûnen in briefke mei de tekst: Vlieg er eens uit, tot volgend jaar. It skaalmodel fan de Fokker F104 Starfighter waget inkele hûnderten kilo's en is 10 meter lang.

Aldjiersferiening Vesuvius fan Elsloo hat al earder swiere bylden brûkt foar in âldjiersstunt.

Ferline jier waard it byld Konigin op de fiets út Rheden stellen. Vesuvius 'befestiget, noch ûntkent' dat se wat mei de stellerij te krijen hawwe.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)