Rêdingsboat De Lemmer helpt

04 jan 2012 - 07:14
  • KNRM  rêdingsboat

De rêdingsboat fan De Lemmer hat tiisdeitejûn holpen by in rêdingsaksje op de Iselmar. Tusken Urk en de Rotterdamsche Hoek yn Flevolân wie it binnenfeartskip 'Rudolf Thea' yn de problemen kaam. It skip frege om help omdat it wetter makke.

In oar binnenfeartskip, de 'Fata Morgana' besocht de 'Rudolf Thea' út de wyn te hâlden. Doe't it earste skip mei in sleepboat yn de rjochting fan Urk sleept waard, melde de 'Fata Morgana' him dat in rút ynslein wie en dat it wetter makke. De rêdingsboat fan De Lemmer wie yntusken te plak en hat holpen om dizze boat yn Enkhuzen te krijen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)