Rêders Drachten nei WK surfen

03 maaie 2012 - 20:44

De rêdingsbrigade Drachten soarget dit jier foar de feiligens by it WK kitesurfen. It grutte ynternasjonale evenemint wurdt hâlden yn Scheveningen en it is foar it earst dat it yn Nederlân is. Oan it WK dogge goed 100 kitesurfers út de hiele wrâld mei.

De rêdingsbrigade Drachten giet mei twa boaten en acht man nei Scheveningen ta. De rêders fan Drachten fine it in grutte ear dat sy hjirfoar frege binne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)