Quote: "Soad miljonêrs nei de Waadeilannen"

07 aug 2015 - 16:51

De Waadeilannen wurde oerspield troch miljonêrs. Dat skriuwt it blêd Quote. Foar in âld-simmerhúske yn de dunen op Flylân wurdt bygelyks al mear as in miljoen euro betelle. De âlde húskes wurde ôfbrutsen en der komme kapitale filla's foar yn it plak.

Dat jout in soad yrritaasje by eilanbewenners, dy't faak ek net te sprekken binne oer it dekadinte gedrach fan de rikelju, sa skriuwt Quote. Komt nochris by dat de fakânsjefilla's it grutste part fan it jier leechsteane.

De miljonêrs litte opfallend genôch Teksel links lizze om't se dat eilân te drok fine.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)