Queensday Outdoor súksesfol

30 apr 2012 - 21:13

It dûnsfeest Queensday Outdoor hat moandeitejûn rûchwei 10.000 besikers lutsen. Dat wie ek wêr't de organisaasje op rekkene hie. Op in grut poadium oan de foet fan de Aldehou wiene optredens fan njoggen DJ's, wêrûnder Quintino en Shermanology. It wie foar de tredde kear dat it festival hâlden waard.

Besikers waarden strang kontrolearre op drugs, lykas xtc. As der pillen fûn waarden, waarden besikers oerdroegen oan de plysje. Mei-elkoar wie der in lytse fyftich man oan bewaking oanwêzich. It feest duorre oant de jûns alve oere.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)