Quatrebras yn Twadde Keamer

03 mrt 2009 - 14:36
  • Protestboerd tsjin bedriuweterrein

De Twadde Keamer praat tiisdei oer in nij ûndersyk nei de komst fan it nije bedriuweterrein by Quatrebras. De oanlis fan dit bedriuweterrein hat alles te krijen mei de komst fan de Sintrale As, de nije dyk fan Dokkum nei Nijegea.

Tiisdei is yn Den Haach it slotdebat oer de nota Ruimte fan it Ryk en dat smyt twa moasjes op oer de dyk en it bedriuweterrein. GroenLinks tsjinnet in moasje yn oer in alternatyf trasee foar de Sintrale As.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)