"By Quatrebras gjin bedriuwen"

12 okt 2008 - 09:39

Der is by Quatrebras gjin ferlet fan in nij bedriuweterrein. Dat skriuwt de stifting It Griene Erfguod en Fryslân moat moai bliuwe yn in brief oan minister Cramer fan VROM. Der hoecht net mear bedriuwsromte te kommen, want der is earne oars genôch plak foar bedriuwen yn Tytsjerksteradiel, fynt de stifting.

It terrein by Quatrebras soe 30 bunder grut wurde moatte yn in gebiet dat nasjonaal lânskip is. De stifting hat dêr earder ek al tsjin protestearre.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)