Quad ynset by ûnkrûdbestriding

15 maaie 2003 - 00:00

De gemeente Dongeradiel sil it ûnkrûd tenei mei in saneamde 'quad' bestride. De motor op fjouwer tsjillen hat elektroanyske eagen dy't it ûnkrûd sinjalearje om it dêrnei mei in bestridingsmiddel te besproeien.

De quad kostet 38.000 euro. De kommisje Grûngebiet gong woansdei akkoart mei de oanskaf fan de motor. Oant no ta bestege de gemeente Dongeradiel de bestriding fan ûnkrûd út. Dat waard lykwols te djoer.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)