Quad-rider ferwûne yn Ketlik

16 apr 2014 - 16:31

In 44-jierrige man út Ketlik is woansdeitemiddei ferwûne rekke by in ûngelok mei in quad. De man ried op syn quad op de Skoaterlânskewei en soe ôfslaan. Op dat stuit wie in 26-jierrige automobilist fan De Gordyk krekt begong mei it ynheljen. By de oanriding rekke de quad-bestjoerder ferwûne. Hy is mei de ambulânse nei it sikehûs brocht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)