Quad-rider ferwûne nei botsing mei stek op'e Gordyk

18 jun 2015 - 10:45

In 18-jierrige ynwenner fan Terwispel is woansdeitemiddei ferwûne rekke by in ûngelok op'e Gordyk. De jonge ried mei syn quad oer de Wetterkant, doe't hy de macht oer it stjoer kwytrekke en tsjin in stek botste. De jonge waard lansearre en bedarre mei in hurde klap op de grûn. It slachtoffer is mei ûnbekende ferwûnings nei it sikehûs brocht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)