Qbuzz moat OV-chip akseptearje

27 sep 2010 - 10:22

Ferfiersbedriuw Qbuzz is troch de provinsje oansprutsen op it wegerjen fan reizgers mei in OV-chipkaart yn bussen dy't gjin apparatuer foar de chipkaart hawwe. Neffens de provinsje is der mei Qbuzz ôfpraat dat reizgers yn guon gefallen fergees meiride meie.

De reizgers meie neffens de provinsje net de dupe wurde wannear't de apparatuer net wurket of noch net oanwêzich is. In wurdfierder fan Qbuzz sprekt tsjin dat der yn bussen minsken mei in OV-chipkaart wegere wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)