Qbuzz gunt Arriva busferfier

13 sep 2012 - 10:39
  • Qbuzz

Qbuzz hâldt op mei de proseduere tsjin Arriva foar it busferfier yn Noard- en Súdwest-Fryslân. Qbuzz woe sels de gunning yn hannen krije, mar sjocht dêr no fanôf. Se dogge dat nei eigen sizzen yn it belang fan de klanten en de goede relaasje mei de opdrachtjouwer, de provinsje Fryslân.

It iepenbier ferfier wurdt om de safolle tiid opnij besjoen. De provinsje stelt de opdracht dan wer iepen en bedriuwen kinne derop ynskriuwe.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)