Qbuzz: gjin eigen ûnderhâld

09 jul 2009 - 20:54

Iepenbierferfiersbedriuw Qbuzz wol gjin eigen ûnderhâldsbedriuw hawwe. It bedriuw fynt dat net rendabel, as de mooglikheid bestiet dat it de konsesje foar it iepenbier ferfier oer seis of acht jier wer kwytrekket.

De monteurs en oare technyske meiwurkers dy't fan Arriva oergean nei Qbuzz, krije wol oar wurk onbean. Dat sil lyts ûnderhâld wêze, of mooglik dat se bussjauffeur wurde kinne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)