Q-Liner opheft, mar mear treinen

11 des 2005 - 12:31

Busline Q-Liner tusken Ljouwert en Harns wurdt opheft. Dat is in gefolch fan de nije tsjinstregeling fan ferfierder Arriva. Minsken dy't mei de bus nei Alkmaar wolle, moatte mei de trein nei Harns en dêr oerstappe op de Q-Liner.

Tusken Ljouwert en Grins rydt tenei wol alle oeren in sneltrein, fan moarns sân oant jûns sân oere. De nije regeling giet snein yn. Heal 2006 komme der nije treinstellen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)