Pyt: snein ekstreem winterwaar

09 jan 2010 - 16:06
  • Neffens Pyt Paulusma krije we noch folle mear snie

Neffens waarman Pyt Paulusma moatte we sneontejûn en snein oerdei rekken hâlde mei ekstreem winterwaar mei gefoelstemperaturen fan 15 graden ûnder nul, hurde wyn en op 'e nij in dik pak snie.

Mei de hurde wyn is de kâns grut dat der yn de rin fan de sneontenacht sniedunen ûntstean sille. De ferwachting is dat it ekstreme winterwaar snein trochsette sil. Ek it fierdere foarútsjoch foar letter nije wike is wintersk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)